Menameradiel wol Nuon-jild

20 jun 2013 - 19:54

De gemeente Menameradiel wol it Nuon-jild fan de provinsje brûke om Berltsum flink op te knappen. Sa wol de gemeente âlde leechsteande bedriuwsgebouwen slope en ferskate iepenbiere plakken yn it doarp oars ynrjochtsje. It opknappen soe it doarp ekonomysk en sosjaal sterker meitsje moatte, sa seit de gemeente.

Al mei al is foar alle losse projekten goed 10 miljoen euro nedich en in part derfan soe finansierd wurde moatte út de Nuon-jilden. Ek wol Menameradiel 4 miljoen euro hawwe foar projekten om de Heak om Ljouwert hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)