City Proms begjint op stasjon

Muzykfestival City Proms is tongersdei úteinset op it Ljouwerter stasjon mei in bysûndere útfiering fan Canto Ostinato troch fjouwer marimbaspilers. City Proms fersoarget fergese klassike konserten op ferskate leechdrompelige lokaasjes. It konsert op it treinstasjon wie net oankundige en waard útfierd yn 'e spitsoere tusken hastige treinreizgers. De akoestyk op it stasjon wie neffens de organisaasje opfallend goed.
CIty Proms duorret oant en mei snein. Der binne ek konserten by de Aldehou.
In oar opfallend optreden is in konsert mei 20 piano's dy't troch fjirtich pianisten quatre mains bespile wurde sille.