De Kuilart wer 'Superplatz'

14 jan 2012 - 16:09

Campings De Kuilart by Koudum en De Burgumermar by Sumar steane yn de list fan 12 bêste campings fan Nederlân. De campings wurde troch de ANWB en de Dútske autoklup ADAC beoardiele op steanplakken foar caravans en campers. Campings op de list krije de titel 'Superplatz'.

Camping Tempelhof by Callantsoog is útroppen ta de bêste camping fan Nederlân. Op de list fan bêste campings yn hiel Europa stiet Tempelhof op it 452e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)