Kondinsfabryk 100 jier âld

20 jun 2013 - 15:47
  • Loftfoto fan it kompleks fan FrieslandCampina yn Ljouwert
  • It sympoasium fan 100 jier kondinsfabryk

It kondinsfabryk yn Ljouwert bestiet hûndert jier. En dat wurdt op ferskate wizen fierd. Sa is der tongersdei in grut sympoasium yn De Harmonie oer ynternasjonaal saken dwaan. It kondinsfabryk yn Ljouwert ûntstiet as boeren fan 33 koöperaasjes fine dat der mear dien wurde moat mei byprodukten as ûndermolke en waai. Se freegje Sytse Hepkema om it idee foarm te jaan. It boarstbyld fan de grûnlizzer fan de kondins stiet hjoed-de-dei yn de entree fan it fabryk.

Hepkema lei de basis foar de ynternasjonalisearring.

It bedriuw groeit fan de begjinjierren ôf as koal. Der komme hieltiid mear eksportlannen by. It produksjeproses wurdt hieltyd fierder automatisearre. Nei ferskate fúzjes is it kondinsfabryk tsjintwurdich ûnderdiel fan suvelreus FrieslandCampina. Mar de rol fan it kondinsfabryk bliuwt wichtich. De groei is der noch lang net út. De fraach nei de produkten fan de kondins is grut en nimt foaral de lêste jierren allinnich mar ta. Der wurdt hurd wurke oan modernisearring en útwreiding. En dy is noch lang net dien. De kommende jierren wurdt stevich ynvestearre. Yn Ljouwert sil de kapasiteit mei sa'n 50 % tanimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)