Lyk Sint Nyk yn brân stutsen

20 jun 2013 - 15:05

It lichem dat tongersdeitemoarn fûn is by de Tsjûkemar by Sint Nyk wie yn brân stutsen. Dat hat de plysje befestige. Dêrtroch is it dreech om fêst te stellen oft it slachtoffer in man of in frou is. De plysje giet út fan in misdriuw. Der wurkje 25 man oan de saak.

It lyk waard fûn troch foarbygongers op it parkearplak by de Ulesprong, in rekreaasjegebiet oan de Tsjûkemar en de A6. De plysje wit noch net oft it slachtoffer op it parkearplak sels om it libben brocht is.

Omdat it juster drok wie op it strantsje by it carpoolplak, giet de plysje derfan út dat it lichem der doe noch net lei. De plysje hat in digitale tekstkarre by de ôfslach by Sint Nyk delset, dêr't autobestjoerders yn oproppen wurde har te melden as se woansdeitejûn of -nacht wat fertochts sjoen ha by de Tsjûkemar. It is foar it earst dat dizze opspoaringsmetoade yn it Noarden ynset wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)