Dekker freget om omrop-advys

20 jun 2013 - 14:21
  • Steatssiktaris Sander Dekker

Steatssiktaris Sander Dekker hat de Raad voor Cultuur om advys frege oer de takomst fan 'e publike omrop. Dekker skriuwt dit yn in brief oan de Twadde Keamer. De publike omroppen moatte it belied de kommende tiid bystelle fanwege de besunigings en it feroarjende medialânskip. Dekker wol fan de Raad voor Cultuur wite hoe't de omroppen yn dy omstannichheid it bêste har maatskiplike funksje oerein hâlde kinne.

Dekker sil sels plannen meitsje foar de yntegraasje fan lanlike en regionale omroppen mei behâld fan de identiteit fan de regio-omrop.

By it fierder útwurkjen fan syn takomstferkenning sil Dekker rekken hâlde mei it advys fan de kommisje Hoekstra oer de spesjale posysje fan Omrop Fryslân, sa skriuwt de steatssiktaris. Itselde jildt foar de moasje fan Twadde Keamerlid Heerma (CDA) oer it plak fan it Frysk yn de media.

Dekker wol dat de publike omroppen ek yn de takomst romte biede moatte oan programma's oer libbensbeskôging. Ek moat ûndersocht wurde oft de publike omroppen ek sels mear jild fertsjinje kinne, bygelyks troch in fergoeding te freegjen foar it on-line besjen fan fideo's. Nije wike woansdei sil Dekker oerlizze mei de keamerkommisje oer de takomst fan it publike mediabestel.

Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân neamt it mediabrief fan steatssiktaris Dekker 'teloarstellend', fanwege it 'prosedurele karakter'. It frege advys oan de Raad voor Cultuur sil nei alle gedachten fertraagjend wurkje as it giet om de beslútfoarming oer de regionale omroppen en Omrop Fryslân. Koster hopet dat de Twadde Keamer de steatssiktaris nije wike freegje sil om de posysje fan Omrop Fryslân al earder te regeljen neffens it advys fan de kommisje Hoekstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)