Arriva noch net nei Brussel

Ferfiersbedriuw Arriva krijt de earste moannen noch gjin kâns om syn alternatyf foar de Fyratrein sjen te litten oan it regear. Neffens steatssiktaris Mansveld fan ferfier is dat juridysk net mooglik, it regear sit oan de NS fêst. Arriva liet earder al wite dat it bedriuw graach yn it gat springt dat ûntstien is, no't de Fyra ôfsketten is as hegesnelheidstrein tusken Amsterdam en Brussel.
It Italiaanske trein-type hat tefolle mankeminten, fynt it Nederlânske regear. Arriva is der klear foar, mar liket noch net oan set.
Arriva hat op oare plakken yn Europa in soad ûnderfining mei hegesnelheidstreinen, ûnder oare yn Dútslân. It haadkantoar fan Arriva Nederlân sit op It Hearrenfean.