Buertkonsjerzjes yn Huzum-West

20 jun 2013 - 12:16
  • Buertkonsjerzjes yn Huzum-West

Yn de Ljouwerter wyk Huzum-West rinne sûnt koarten buertkonsjerzjes om. Dit bart op inisjatyf fan soarchynstelling De Noorderbrug. Twa kear yn de wike makket in groep kliïnten mei in begelieder in rûnde troch de wyk. Se jouwe fernielings en ûnfeilige sitewaasjes troch oan de gemeente en romje ek ôffal op. It doel is ek dat de buertkonsjerzjes kontakt lizze mei bewenners om fragen, klachten en problemen yn kaart te bringen.

Tongersdei rûn wethâlder Andries Ekhart mei de groep mei. De gemeente is bot te sprekken oer it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)