Vacansoleil presintearret team

20 jun 2013 - 11:09
  • Lieuwe Westra

Hurdfytsploech Vacansoleil-DCM hat tongersdei syn team foar de Tour de France presintearre. Lykas bekend is Lieuwe Westra fan De Tynje dêr ek foar selektearre. Njonken Westra geane ûnder oare ek Wout Poels, Johnny Hoogerland en âld-etappewinner Juan Antonio Flecha foar Vacansoleil nei de Tour.

Westra waard tongersdei yn Winsum yn Grinslân foar de twadde kear op rige Nederlânsk kampioen tiidriden. Foar Vacansoleil is hy in troef foar de tiidritten yn de Tour de France.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)