Undersyk nei ûngelok dongsilo

De plysje docht tongersdei fierder ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea. Dêrby kamen de soan fan de boer (26) en twa meiwurkers fan Heeres Mix- en Pomptechnyk út Abbegea om it libben. De twa meiwurkers wiene dwaande om de silo skjin te meitsjen. De plysje ûndersiket tongersdei materiaal fan de pleats en heart tsjûgen. Oer de oersaak fan it ûngelok wol de plysje noch neat kwyt.
Mooglik wurdt it ûndersyk oernaam troch de Ynspeksje foar Sosjale Saken en Wurkgelegenheid, de eardere Arbeidsynspeksje.
Dit omdat it om in bedriuwsûngelok giet. Dêr komt yn de rin fan tongersdei nei alle gedachten mear dúdlikheid oer. By it ûngelok rekke in man út Feanhuzen swier ferwûne. Hy leit noch hieltyd yn kritike tastân yn it sikehûs yn Grins.