Aksjes yn metaalsektor

Izertried
Wurknimmers yn de metaalsektor fiere freed aksje foar in bettere CAO. Der binne wurkûnderbrekkings by ûnder oare ICON yn Harns, Damen yn Burgum en Harns en by Stertil yn Koatstertille. De wurkjouwers en de fakbûnen steane tsjinoer elkoar wat de nije CAO oanbelanget. De bûnen wolle 2,5% mear lean, de wurkjouwers biede 0,3%. Fierder soene wurkjouwers âldere wurknimmers mear oerwurk dwaan litte wolle. En dêr binne de bûnen op tsjin.