Harnzers tsjin weryndieling

19 jun 2013 - 23:30

Tachtich prosint fan de ynwenners fan de gemeente Harns is tsjin weryndieling mei de gemeenten Menameradiel, Frjentsjerteradiel en It Bilt. De gemeente hâlde dêrfoar woansdei in referindum ûnder de befolking. Fjirtich prosint fan de ynwenners is nei de stimbus tagien. As de gemeenteried de útkomst oernimt, betsjut it dat It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel gjin fierde fúzjepartner ha.

Se sille ynkoarten om tafel mei de provinsje om te praten oer hoe no fierder.

De gemeenteried fan Harns nimt 2 july it beslút oft Harns fusearret of selsstannich bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)