Binend ûndersyk SC Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
It ûnôfhinklike ûndersyk nei de sitewaasje by Sportklup Hearrenfean wurdt útwreide. Bestjoersadviseur Paul Nobelen, dy't al earder ynhierd wie troch it stiftingsbestjoer fan de klup, krijt assistinsje fan Jos Vaessen. Dat hat it stiftingsbestjoer mei de ferûntrêste supportersgroepen en sponsors ôfpraten. Vaessen is âld-foarsitter fan fuotbalklup Vitesse en fan de TT yn Assen. It ûndersyk bestiet út twa fazen.
Yn de earste faze sil benammen sjoen wurde nei it draachflak fan de direksje fan SC Hearrenfean en de ried fan kommissarissen.
It is de bedoeling dat it ûndersyk binnen in pear wiken in binend advys opleverje sil. Yn de twadde faze sil dan nochris djipper sjoen wurde nei ûnder oaren organisaasje en belied. Nobelen en Vaessen krije op de achtergrûn assistinsje fan boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean. Hy sil him lykwols net bemoeie mei de ynhâld, mar allinnich as ûnôfhinklik waarnimmer it ûndersyk yn de gaten hâlde.