Mear omtinken gefaarlik gas

Der wurdt te min omtinken jûn oan gefaarlike gassen by de agraryske opliedings yn ús lân. Dêrtroch witte boeren faak net krekt hokker gassen der allegear frijkomme kinne yn mestsilo's en stâlen. Sa seit Jetty Middelkoop. Sy is deskundige op it mêd fan gefaarlike stoffen en jout yn it hiele lân lêzings foar brânwachtmeiwurkers en boeren. Neffens har witte boeren faak wol dat se gefaarlike gassen tsjinkomme kinne yn harren wurk, mar net hokker stoffen dat krekt binne en hoe't dat wurket.
Sa kin der bygelyks ek yn in folslein lege mestsilo dochs gassen hingje. Woansdei kamen yn in dongsilo yn Makkingea trije manlju om it libben, nei alle gedachten troch sokke gassen. In fjirde leit yn kritike tastân yn it sikehûs.