De Lemmer: nij soarchsintrum

Op De Lemmer is woansdei in nij wensoarchsintrum iepene. It is foar âlderein mei in geastlike en lichaamlike beheining. It is in modern gebou foar groepssoarch, mei aparte keamers. Bewenners ha in eigen brûs, keuken en húske. By de bou is ek rekken hâlden mei duorsumens. It gebou hat trijedûbel glês en in sunige kachel.
Wenningkorporaasje Lyaemer Wonen hat it boud en soarchorganisaasje Plantein sil it brûke. De ynrjochting fan it gebou is noch net hielendâl ôf. As it klear is, is der romte foar 18 bewenners, ferdield oer twa ôfdielings.
Der komt in ôfdieling foar bewenners mei in geastlike beheining en ien foar bewenners mei in lichaamlike beheining.