Westra prolongearret titel

19 jun 2013 - 16:38
  • Lieuwe Westra
  • Lieuwe hellet Lars Boom yn

Lieuwe Westra is woansdeitemiddei yn it Grinzer Winsum opnij Nederlânsk kampioen tiidriden wurden. It slagge de hurdfytser fan De Tynje de konkurrinsje achter him te litten en de titel te prolongearjen. Hy wie op de 52,6 kilometer lange rit fjouwer sekonden flugger as Niki Terpstra, dy't twadde waard. As tredde kaam Tom Dumoulin oer de finish.

Westra gie fjirtjin dagen lyn yn it Critérium du Dauphiné yn Frankryk noch hurd ûnderút. Mei kniesde ribben, in seare earmtakke en skouder moast er in pear dagen letter de koers ferlitte.

Mar dy blessuere hâlde him woansdei net fan de oerwinning. Westra is dan ek út de skroeven mei syn titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)