Laptops út huzen stellen

14 jan 2012 - 14:15

Yn Ljouwert en Snits ha freed en freedtenacht mei-inoar fiif wenningynbraken west. De bút bestie út laptops, sieraden en jild. Yn guon gefallen hiene bewenners de laptop yn it sicht stean litten.

De plysje warskôget dêrfoar. It is neffens de plysje better om djoer guod lykas in laptop of smartphone út it sicht del te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)