Harns hâldt rekken mei 'nee'

19 jun 2013 - 15:51
  • It stêdhûs fan Harns

De ynwenners fan Harns soene woansdei wolris foar in politike stunt soargje kinne. Yn in referindum meie de 'ouwe seunen' har útsprekke foar of tsjin in weryndieling mei Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt. De Harnzer polityk hâldt rekken mei in dúdlik nee tsjin in weryndieling.

Tsien stimburo's yn Harns hawwe woansdei har doarren iepene. De kiesgerjochtigen wurdt frege om te reagearjen op de folgjende fraach: 'Binne je foar of tsjin in weryndieling yn Noardwest-Fryslân...?' Om 9 oere gean de stimbussen ticht.

Yn de gemeenteried fan Harns wie in grutte mearderheid foar it referindum. Ek is in mearderheid tsjin in fúzje. Dat jildt ek foar de PvdA. Wat de provinsje en de bestjoerders fan de Menameradiel, It Bilt en Frjentsjerteradiel ek sizze; selsstannich bliuwe kin bêst, fynt de Harnzer PvdA. Woansdeitejûn om healwei alven hinne, wurdt de útslach bekendmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)