Byienkomst doarpshûs Makkingea

19 jun 2013 - 15:33

Foar de ynwenners fan Makkingea wurdt woansdeitejûn yn it doarpshûs in byienkomst hâlden. Sa wol de gemeente Eaststellingwerf de ynwenners de romte jaan om mei-inoar te praten oer it drama, wêrby't woansdei trije manlju om it libben kamen. By wurk op in pleats yn Makkingea foelen woansdei fjouwer manlju yn in dongsilo. Trije fan harren kamen om, in fjirde slachtoffer leit yn kritike tastân yn it UMCG yn Grins.

Alle ynwenners krije hjiroer noch in brief fan de gemeente. De byienkomst begjint om acht oere.

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hat in besite brocht oan it troffen bedriuw en famylje en syn kondoleânsjes oerbrocht. Hy neamt it in 'bûtengewoan tryste dei'.

Trefwurden: 
byienkomst Makkingea dongsilo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)