Direksje Frosk lilk op komitee

19 jun 2013 - 14:47
  • Swimbad De Frosk

Direkteur Teunissen fan swimbad De Frosk yn De Westereen is lilk op it komitee fan it swimbad. Dy stipet in hantekeninge-aksje fan in tal besikers tsjin it letter iepen gean fan it swimbad op moandeitemoarn. Neffens Teunissen docht syn bedriuw der alles oan om in goed swimbad yn it doarp te eksploitearjen, mar wurde se hieltyd as der wat feroaret tsjinwurke troch in lyts ploechje besikers.

Hy hat no syn nocht en wol net mear mei it komitee prate. Earder wie der altyd oerlis tusken de beide partijen oer saken oangeande it swimbad.

De Conegroup is sûnt 2011 de nije eigener fan it swimbad, doe't de gemeente der gjin jild mear yn stekke woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)