Nije hjerring by de fiskboer

19 jun 2013 - 13:03

Lang om let is de nije hjerring te krijen. Twa wike lyn hiene de hjerrings der al wêze moatten. Mar troch de kâlde maitiid hiene de hjerrings doe noch net genôch fet. Fiskboer Sybren Annema fynt de nije hjerring moai en fol. Hy tinkt net dat de lette hjerring him omset kostet. De minsken ha it bytiden net iens troch dat der nije hjerring is.

Eartiids wie der mear omtinken foar de nije hjerring, seit de 75-jierrige Annema. Doe wiene der noch feesten, mar dat is no net mear sa. De earste priuwers oan it Cambuurplein wiene woansdei posityf.

Trefwurden: 
hjerring fiskboer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)