Hemmen en El Makrini tekenje

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Michiel Hemmen en Mohammed El Makrini hawwe in nij kontrakt tekene by Cambuur. Beide spilers bliuwe noch twa jier by de Ljouwerter earediviyzjeklup. El Makrini spile it ôfrûne seizoen 28 kear yn de basis fan Cambuur en wie in belangrike spiler op it middenfjild. Michiel Hemmen wie mei 17 goals kluptopskoarer.
Cambuur hat ek belangstelling foar Paco van Moorsel fan FC Grins. De middenfjilder kaam ferline jier oer fan earste divyzjeklup FC Den Bosch, mar kaam yn Grins amper oan fuotbaljen ta. Cambuur wol Van Moorsel hiere.