Provinsje stelt KNSB ultimatum

19 jun 2013 - 11:35
  • In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen

De provinsje wol foar tongersdeitemiddei fjouwer oere antwurden fan de KNSB. It reedrydbûn moat reagearje op in tal fragen dy't de provinsje hat oer it tawizen fan it nije topsportsintrum yn Nederlân. Dat stiet yn de brieven oer it nije Thialf dy't de provinsje tiisdei iepenbier makke hat. It is net bekend wat de gefolgen binne as de KNSB net op it ultimatum yngiet.

Thialf op It Hearrenfean is mei it Icedôme yn Almere en it TranSportium yn Zoetermeer kandidaat foar it topsportsintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)