GGD hat tekoart oan faksins

19 jun 2013 - 11:26

Der is in tekoart oan faksins tsjin búktyfus en tikebiten. Dat seit arts Aleid Westerveld fan GGD Fryslân. Yn de simmertiid litte in soad Friezen har ynintsje omdat se nei it bûtenlân geane, mar se kinne har dus net tsjin alles beskermje litte. De produksje rint efter by de fraach. Allinnich Friezen dy't foar langere tiid nei bygelyks Yndia of Pakistan geane kinne wol in faksin krije.

De GGD seit dat guon fakânsjegongers dy't net yninte wurde, ekstra oan previnsje dwaan moatte om net siik te wurden. Benammen de hygiëne is tige wichtich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)