Nije wike ride by Bonkefeart

© Anton Kappers
Der kin nije wike freed reedriden wurde by de Bonkefeart yn Ljouwert. Der wurdt in keunstiisbaan oanlein. Minsken kinne dan de hiele dei reedride. Dit hat te krijen mei de iepening fan de Noardlike Alvestêdefarrûte. It wurk oan dit part fan de alvestêderûte foar boaten is klear. Boaten fan op syn meast 1 meter 30 djip en 2 meter 40 heech kinne no de folsleine alvestêderûte farre.
Op de feestlike dei wurdt ek in priis útrikt foar de moaist fersierde boat. Dy priis wurdt útrikt troch iismaster Jan Oostenbrug.