Harns: 6 % stimt moarns

De opkomst by it referindum yn Harns oer de takomst fan de gemeente, leit om 11 oere om de 6 %. Yn it stimburo yn de Sint Michaëlskoalle wie de opkomst sels in persint heger. De ynwenners fan Harns meie woansdei oanjaan oft sy foar of tsjin in fúzje binne mei Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt. De gemeenteried fan Harns bepaalde begjin dit jier dat der sa'n referindum komme moast.
Yn de ried liket in lytse mearderheid tsjin weryndieling te wêzen. As 30 persint fan de stimgerjochtigen meidocht, is it referindum jildich.
Dat is in stik leger as earder yn Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel. Dêr waard troch de rieden in opkomst fan tusken 50 en 60 persint easke. Op 2 july nimt de ried fan Harns in definityf beslút oer de takomst fan de gemeente.