Man delstutsen yn Ljouwert
In 32-jierrige man út Ljouwert is tiisdeitenacht nei in rúzje delstutsen yn in wenning yn de Kalverstrjitte. De plysje hat yn dizze saak in 39-jierrige Ljouwerter oanhâlden as fertochte. Dy man melde himsels op it plysjeburo.
It slachtoffer is mei snijwûnen oerbrocht nei it sikehûs.