'Kastraasje moat goedkeaper'

De bistebeskerming freget steatssiktaris Sharon Dijksma om de kastraasje fan boarren en de sterilisaasje fan katten goedkeaper te meitsjen troch it btw-taryf te ferleegjen fan 21 nei 6 prosint. Neffens de organisaasje besunigje in soad minsken in dizze krisistiid op saken as kastraasje en sterilisaasje. Dit smyt in soad ekstra strjitkatten op.
Om omtinken te freegjen foar dizze problematyk wurdt woansdei op It Hearrenfean de 'Straatkattenkrant' útdield.