Yorick Haan ûntkent relaasje

19 jun 2013 - 09:26

Ald-boargemaster Yorick Haan fan Flylân ûntkent dat hy in relaasje hat mei in frou fan it eilân. Hy seit dat yn in ynterview yn it Algemeen Dagblad. 'Een hardnekkige roddel is mij fataal geworden. Maar niet de inhoud van de roddel. Want: ik heb geen relatie met die vrouw. Ik vraag mij nu ook constant af wát ik heb gedaan dat zo'n verhaal is gaan rondzingen', sa seit er yn de krante.

Haan waard ôfrûne wykein achternei sitten en mei de dea bedrige troch in eilanner dy't beweart dat de âld-boargemaster in relaasje hat mei syn frou.

Dit koste Yorick Haan úteinlik syn baan. De gemeenteried fan Flylân hie gjin fertrouwen mear yn him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)