Waar is goed foar iisferkeap

19 jun 2013 - 07:32

By De Jongs's ijs op De Gordyk wurdt op it stuit 24 oeren deis wurke om iis te meitsjen. Troch it waarme waar is de fraach bot tanaam. Neffens eigener Romke de Jong wie it earste fearnsjier foar de iisferkeap net goed. Hy hopet dat dizze dagen wat goedmeitsje kinne. Hûnderten liters iis geane nei iissalons. De Jong hat ek in soad iiskarren. Dy wurde ynhierd troch bedriuwen om te traktearjen oan it personiel.

De karren steane woansdei yn it hiele lân. De earsten binne woansdeitemoarn betiid al ôfset nei Limboarch, Brabân en Amsterdam.

Ek swimbaden ferwachtsje woansdei in topdei fanwege de hege temperatueren. Yn swimbad it Gryn fan Stiens ferwachtsje se woansdei tûzen besikers. Se binne spesjaal fanwege de ferwachte tropyske temperaturen fan moarns sân oere oant jûns healwei njoggenen iepen. En as der dochs buien komme, dan kinne de besikers ek noch prima binnendoar swimme.

Woansdeitemoarn betiid wie it fral drok yn it bûtenbad mei de fêste swimmers. Nei in minne start fan it seizoen liket juny goed ùt te pakken foar it swimbad. Tiisdei wie it swimbad ek al ekstra iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)