'Nuon-jild nei Frysk erfguod'

De steatefraksje fan de FNP wol Nuon-jild stekke yn it digitalisearjen fan Frysk erfguod. It giet om it Deltaplan Digitalisearring. Mei dat projekt moat Frysk erfguod as foto's, films, boeken, kranten en argiven op ynternet beskikber komme foar elkenien. Dat kostet 5 miljoen euro. De FNP wol dit bedrach út de Nuon-jilden helje. De partij ferwachtet dat it digitalisearjen flinke wurkgelegenheid opsmyt foar Ljouwert, yn totaal 125 direkte arbeidsjierren.
It projekt kin benammen wurkgelegenheid biede oan minsken dy't no noch in útkearing ha.