Dokuminten Thialf op strjitte

18 jun 2013 - 21:03

De provinsje Fryslân hat in part fan de korrespondinsje mei reedrydbûn KNSB en NOC*NSF iepenbier makke. It giet om brieven tusken dizze partijen en de projektlieder fan Nij Thialf oer hokker stadion fan 2016 ôf de topsportlokaasje foar it reedriden wurdt. Der binne trije stadions yn de race foar dizze status: Thialf op It Hearrenfean, it Icedôme yn Almere en it TranSportium yn Zoetermeer. Dêrneist makket de provinsje ek it dokumint iepenbier dêr't ynstiet hoe't Thialf krekt ferboud wurde sil en ûnder watfoar betingsten.

De provinsje wol hjirmei sa transparant mooglik wêze nei de steaten en de rest fan Fryslân ta. Op 26 juny beslute de steaten oft sy 50 miljoen euro beskikber stelle wolle foar de ferbou fan Thialf. It nije Thialf kostet yn totaal 81 miljoen euro. Op 8 septimber wurdt bekend hokker fan de trije stadions de topsportstatus krijt. Dêrfoar wurdt earst nochris ûnôfhinklijk ûndersyk dien nei de finansjele ûnderbouwings fan de trije stadions.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)