Jubileumkongres FNP Earnewâld

14 jan 2012 - 12:13

Mei in grut sympoasium yn Earnewâld fiert de Fryske Nasjonale Partij sneon it 50-jierrich bestean. De partij is útgroeid ta in wichtige spiler yn de Fryske polityk mei wethâlders, steateleden en in deputearre. En dat wylst de partij begûn as in ienmansfraksje.

Pyt Kramer fan Mildaam die yn 1962 de oprjochtingsoanfraach by de provinsje. De direkte oanlieding foar de oanfraach, sa fertelt Kramer, kaam fan fier bûten Fryslân: nammentlik út Yndonezië. Tema fan it FNP-kongres is 'Identiteit, krêft en kâns'.

Op it jubileumsympoasium wurdt sprutsen troch Professor James Kennedy fan 'e UVA en de Flaamske Europarlemintariër Frieda Brepoels. Partijfoarsitter Nynke Beetstra krige op de byienkomst it earste eksimplaar fan in 'glimmer' (Frysk foar 'glossy') oer de FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)