Flylanners ferrast oer Haan

18 jun 2013 - 17:29

Ynwenners fan Flylân binne ferrast oer it opstappen fan boargemaster Haan. Se hawwe begryp foar syn beslút, mar wize der ek op dat Haan goed yn in tal dossiers sit fan saken dy't op dit stuit spylje. In foarbyld dêrfan is de kwestje fan de feartsjinst fan rederij Doeksen.

Yorick Haan stapte moandei op neidat er sneon mishannele wie. Neffens de plysje wiene der problemen yn de relasjonele sfear. Nei oerlis mei kommissaris fan de Kening Jorritsma besleat Haan op te stappen. Yntusken is Ella Schadd-de Boer beneamd as waarnimmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)