Muorren Noorderpoort ferfange

18 jun 2013 - 16:34

De befestiging fan alle dekgevels fan wenwinkelkompleks Noorderpoort yn Drachten doocht net en moat ferfongen wurde. Dat docht bliken út ûndersyk fan yngenieursburo Boorsma. Hoekstra Vastgoedbehear makke it nijs tiisdei bekend.

It ûndersyk is útfierd, omdat de súdgevel fan it kompleks ynienen nei ûnderen kaam. Sûnt dy tiid stean der stimpels ûnder de oare muorren. Dat is wol terjochte, sa docht no bliken. Oare parten fan de gevel koenen sa nei ûnderen komme. Wa't dêr juridysk ferantwurdlik foar is, moat noch útsocht wurde

As de gemeente grien ljocht jout, sette de reparaasjes útein. Hoefolle dat kostet, kin Hoekstra Vastgoedbeheer noch net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)