Famke (3) ferwûne by botsing

18 jun 2013 - 16:06

In famke fan 3 jier út Drachten is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok by Drachtster Kompenije. Se siet by har 27-jierrige mem yn de auto. Dy botste op de Folgerster Loane op in oare auto, bestjoerd troch in 25-jierrige frou út Bûtenpost. Dy frou hat nei alle gedachten gjin foarrang jûn. Sy rekke ek ferwûne by de botsing. De mem fan it famke kaam mei de skrik frij.

Nei de oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersyk dien. Beide ferwûnen binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)