Warskôging foar hjittegefaar

18 jun 2013 - 15:50

Fakbûn FNV Bouw warskôget wurknimmers foar hjittegefaar. Boufakkers, wurkers dy't mei de diken oan 'e gong binne en minsken dy't op dakken wurkje, moatte der tiisdei en woansdei goed om tinke. Benammen de konsintraasje op it wurk kin minder wurde.

It fakbûn hat noch gjin sinjalen krigen dat der wurk stillein is troch de waarmte. Wol hawwe se ferskate tips jûn oan ferûntrêste wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)