Plannen Kulturele Haadstêd

18 jun 2013 - 12:46

De earste definitive projektplannen foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 binne moandei presintearre. Sa komt der in Fryske útfiering fan Under Milk Wood, oerset troch Tsjêbbe Hettinga en noch nea earder útfierd. Under Milk Wood is in toanielstik nei in radiodrama fan de Welske dichter Dylan Thomas.

De kampanje foar Ljouwert Kulturele Haadstêd giet de lêste moannen yn. Op 12 july moat de organisaasje alle plannen klear hawwe. In sjuery komt begjin septimber nei de stêd. Dan falt it beslút oft Ljouwert, Eindhoven of Maastricht it wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)