Krúsjale wike foar LC

De NDC Mediagroep, útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, stiet foar in krúsjale wike. Undernimmingsried en de leden fan fakbûn NVJ moatte harren takom wike útsprekke oer in sosjaal akkoart dat útûnderhannele is tusken de direksje en de fakbûnen. In fet akkoart is it net. Kearn is dat der foar de 250 minsken dy't der út moatte begelieding komt fan wurk nei wurk en in tydlike oanfolling op de WW.
De geunstige kantonrjochtersformule of in tal moannen ekstra lean sitte der net yn. De finansjele posysje fan NDC lit dat net ta.
As de UR en de NVJ-leden akkoart gean, kin de reorganisaasje neffens plan útfierd wurde mei yngong fan 1 july. As it plan net oannaam wurdt, smyt dat op syn minst in moanne fertraging op.