Measte Friezen tsjin JSF

18 jun 2013 - 11:03
  • De F35, better bekend as de JSF

Trije op de fjouwer Friezen binne tsjin de oanskaf fan de Joint Strike Fighter. Dat docht bliken út in enkête fan Een Vandaag en Omrop Fryslân. It nije gefjochtsfleantúch moat de opfolger wurde fan de F-16. De measte minsken dy't tsjin binne, jouwe net de lûdsoerlêst as belangrykste reden, mar se fine it yn dizze tiden fan krisis net te rjochtfeardigjen om 4 miljard út te jaan foar it tastel.

Twa op de trije minsken fine dat it noch net te let is om mei de diskusje op te hâlden en it fleantúch net te keapjen.

Komt de JSF dochs nei Nederlân, dan fynt in grutte mearderheid dat dy dan yn Ljouwert stasjonearre wurde moat. Wurkgelegenheid giet dan boppe leefberens, fine de minsken. Oan de enkête hawwe in lyts 900 Friezen meidien.

Omrop Fryslân Televyzje stjoert tiisdei in dokumintêre út oer de JSF. Sjoernalist Hayo Bootsma en programmamakker Halbe Piter Claus fleagen nei Amearika om antwurd te krijen op fragen oer bygelyks it leven fan de opfolger fan de F-16.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)