By foardoar fan beurs berôve

In 76-jierrige man út Boalsert is thús mei geweld fan syn beurs berôve. Moandeitejûn belle der ien oan oan de foardoar. Omdat de bewenner tocht dat it syn buorman wie, die er iepen. Doe waard er fuortendalik beetpakt troch in him ûnbekende man. Dy pakte him de beurs ôf en naaide dêrnei hurd út.
De plysje hat noch socht nei de fertochte, mar koe him net fine.