Húshâldtips foar studinten

18 jun 2013 - 10:21

Earstejiers studinten yn Ljouwert binne úteinset mei in YouTubekanaal mei ynstruksjefideo' s oer húshâldzjen. Nije studinten kinne sa leare hoe't se bygelyks itensiede moatte, in wask draaie of hoe't se de keamer in bytsje aardich ynrjochtsje kinne. De earste ôfleverings binne te sjen op youtube.com/studentlifeguide.

Studinten witte net mear hoe't se it húshâlden dwaan moatte. Se binne te bot bedoarn troch de âlden en witte fan in protte húshâldlike putsjes net hoe't it moat. Dêrom binne de studinten mei de tipsfilmkes begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)