Grutte partij qat op 'e Gordyk

Qat
De plysje hat moandeitejûn yn in wente oan de Houtmoune op 'e Gordyk in grutte partij qat yn beslach naam. In 39-jierrige ynwenner fan Leiden en twa Sweden fan 38 en 39 jier binne oanhâlden.
De plysje hie in melding krigen dat manlju mei doazen en pûden oan it sjouwen wiene. Doe't de plysjes even letter de wente yn gienen, troffen se njoggentjin pûden en alve doazen mei qat oan. De drugs binne yn beslach naam. De trije fertochten sitte fêst foar ûndersyk.