Ultimatum wurkjouwers metaal

17 jun 2013 - 23:19

De fakbûnen hawwe wurkjouwers yn de metaal in ultimatum stjoerd. Dat rint tongersdeitejûn om 19.00 oer ôf. Ferline wike hawwe de bûnen in oprop dien oan de wurkjouwers om te praten oer in nije CAO. Mar dêr is noch gjin reaksje op kaam. Neffens fakbûn CNV binne se benammen dwaande om tiid te rekken. Sûnt 1 maaie is de CAO ferrûn.

Sân kear hawwe de partijen om tafel sitten om te praten oer in nije CAO, mar dat is allegear op neat útrûn. As de wurkjouwers tongersdei om 19.00 oere noch gjin reaksje jûn hawwe, dan sil aksjefierd wurde.

Trefwurden: 
CAO metaal ultimatum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)