Boargemaster Haan stapt op

17 jun 2013 - 20:28
  • boargemaster Yorick Haan fan Flylân

Boargemaster Yorick Haan fan Flylân is opstapt. Haan fernaam dat er net langer it fertrouwen fan de gemeenteried hie. Haan kaam dit wykein yn it nijs doe't er mishannele wie. Neffens de plysje leit de oarsaak dêrfan yn de relasjonele sfear.

Kommissaris John Jorritsma hat moandeitejûn petearen fierd mei Haan en in delegaasje út de ried. Dêr die út bliken dat it fertrouwen te bot skeind is en dat it gjin sin hat te besykjen it goed te krijen. Ella Schadd-de Boer is troch Jorritsma beneamd as waarnimmend boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)