Radio Waddenzee hâldt op

17 jun 2013 - 13:39
  • Oankundiging dat Radio Waddenzee ophâldt

Nei acht jier komt der in ein oan Radio Waddenzee. It stasjon seach de reklame-ynkomsten sa bot sakjen dat it net langer út kin. Der komt al langere tiid minder jild yn. Neffens eksploitant Willem Rense Post is no it bêste momint om op te hâlden, oars soe it stasjon mooglik fallyt gean.

Radio Waddenzee is in muzykstjoerder foar Fryslân, Grinslân en in grut part fan Noard-Hollân. De studio siet earst yn Harns en no yn Urk. De alderlêste útstjoering fan Radio Waddenzee is op sneon 29 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)