Solosiler út Kûbaard ferwûne

17 jun 2013 - 12:43

In 66-jierrige solosiler út Kûbaard is freed ferwûne rekke tusken Ierlân en Frankryk. De man wie ûnderweis nei Portugal as tarieding foar in soloreis oer de wrâld. By hurde wyn woe er wat feroarje oan it túch en doe foel er.

Fleantugen út Ierlân en Frankryk hawwe nei de siler socht en him sneontemoarn fûn. De man leit no yn it sikehûs yn it Ierske Cork. It giet nei omstannichheden goed mei him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)