'Wild west' by ferhuzing kij

17 jun 2013 - 12:00

Trijehûndert kij fan maatskip Wienia yn Eastrum binne moandei yn optocht ferhuze fan de pleats oan de Mellemawei nei de nije lisboksstâl oan de Tichelwei, goed trije kilometer fierderop. It soe earst oer de dyk, mar omdat it moai droech waar wie, mocht it foar in part oer it lân fan de buorlju. Dat smiet in prachtich plaatsje op, foaral omdat it soms yn galop gie. De bisten hienen der nocht oan. Oeral wie de rûte ôfset en hjir en dêr stienen minsken om de keppel de goede kant op te stjoeren. Nei in heal oere wienen se te plak.

Trefwurden: 
ferhuzing kij Wienia
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)