Skoalkrimp Fryslân 11 prosint

17 jun 2013 - 11:26
  • Eksamenkandidaten Frânsk op it Bogerman yn Snits

Middelbere skoallen yn Fryslân sille yn tsien jier tiid goed 3700 learlingen minder hawwe. Dat is in delgong fan hast 11 persint. Dat docht bliken út sifers fan de Dienst Uitvoering Onderwijs (DUO).

De delgong yn it tal learlingen liket benammen yn Snits hurd te gean. Neffens de prognoazes moatte de skoallen it dêr yn 2023 mei 758 learlingen minder dwaan as dit jier. De VO-ried, it oerkoepeljende organisaasje fan alle middelbere skoallen yn Nederlân, makket him grutte soargen oer de gefolgen fan de learlingkrimp.

De leden roppe de polityk op om nei te tinken oer maatregels. Sa soe it makliker wurde moatte foar skoallen om gear te wurkjen of te fusearjen. De skoallen yn Fryslân binne al drok dwaande mei it nimmen fan maatregels. Sa wurdt op ferskate plakken praat oer fierdere gearwurking. Dat bart bygelyks op It Hearrenfean. By it Bornego Kolleezje sille se neffens de sifers fan DUO goed 260 learlingen minder hawwe yn 2023. Dat betjut dat se neitinke oer hoe't se it oanbod oerein hâlde kinne en hoe't se omgean moate mei de gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)