Mooglik ferfolch Olympiade

17 jun 2013 - 11:11

It bestjoer fan de Fryske Olympiade moat tusken no en septimber besjen oft it evenemint in ferfolch krijt. Dat seit inisjatyfnimmer Evert Wilstra fan de Olympiade.

Sneon wie de earste edysje fan it spektakel dat de trije Fryske sporten keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen op ien dei en op ien lokaasje byelkoar bringt. Mei troch it minne waar kamen der folle minder taskôgers op ôf as hope wie. Finansjeel hat dat net folle konsekwinsjes, tinkt Wilstra. De kosten wienen troch subsydzjes en sponsors dit jier goed ôfdutsen.

De kosten fan de Olympiade leinen dit jier op sawat 250.000 euro, ynklusyf 132.000 euro oanliskosten foar de akkommodaasjes. It terrein is eigendom fan de gemeente Tytsjerkstradiel. Dy hat de ferplichting op him naam om it te ûnderhâlden.

Trefwurden: 
Fryske Olympiade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)